Graffityspuiter oanholden

De Sudertsjerke
In 15-jierrige ynwenner fan Drachten hat proses-ferbaal krigen omdat er in gebou fan de Sudertsjerke oan de boargemaster Wuitewei yn Drachten mei graffity bespuite hat. In tsjûge dy't seach dat de jonge dwaande wie, warskôge fuortdaliks 112.
De plysje hat de jonge dêrnei oanholden. Hy is oerbrocht nei it buro dêr't er bekende. Nei ferhear koe er it plysjeburo wer ferlitte en hat er de graffity ferwidere. De jonge is foardroegen oan it buro HALT.