Lindefestival goed besocht

It Lindefestival yn Wolvegea hat sneon tûzenen besikers lutsen. Mei troch it moaie waar kamen de besikers fan hein en fier nei Wolvegea ta. Njonken de grutte kreamkemerk wiene der tal fan aktiviteiten.
De brânwacht, plysje en ambulânse joegen in soad omtinken oan de iepen dei fan de helpferliening. Benammen de demonstraasjes lutsen de oandacht fan bern. Ek foar motorleafhawwers wie der in soad te sjen.