Wetterskip wol eigen CV

20 sep 2009 - 12:41

Wetterskip Fryslân moat gau soargje foar in eigen ferwaarming, oars sitte de meiwurkers fan it haadkantoar yn Ljouwert dizze winter yn de kjeld. No wurdt it kantoar noch ferwaarme mei in waarmtekrêftynstallaasje op it terrein fan it eardere Philipsfabryk.

De lêste tiid binne hast alle bedriuwen dêr wei gongen. No is de ferwaarming neffens Essent near mear rendabel. Op 1 novimber wol Essent de ferwaarming al útsette. It wetterskip wol in eigen CV-ynstallaasje oanlizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)