Gratamapriis foar Rutger Hauer

20 sep 2009 - 12:18

Wichtiger as in Golden Globe of in Oscar. Dat sei Rutger Hauer snein oer de Gratama-award, de Fryske kultuerpriis fan de gemeente Smellingerlân. Hauer krige de priis foar syn lange karriêre as akteur, dy't dochs echt ea begûn is op de planken yn Drachten.

Fjouwer jier lang spile er by de Noorder Compagnie en luts er de hiele provinsje troch. En hy is dêrnei ek altyd yn Fryslân wenjen bleaun.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)