Fytstunnel Tinga Snits bliuwt

20 sep 2009 - 09:38

De fytstunnel ûnder de A7 tusken de wyk Tinga en Lemmerweg-West yn Snits bliuwt iepen. Dat stiet yn in plan dat boargemaster en wethalders nei de gemeenteried stjoerd hawwe.

Tusken beide wiken komt ek in nije houten brêge, mar dy wurdt eins te steil foar fytsers. It behâlden fan de tunnel is romtlik wat lestich. By de wyk Lemmerweg moat it fytspaad wat omlein wurde. Fierderop komt noch in brêge oer in sleat. De gemeenteried bepraat it plan ein septimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)