'Sinne Welzijn' nije namme HWL

It nije logo fan 'Sinne Welzijn'
De stichting Hulp en Welzijn yn Ljouwert giet fierder ûnder de namme 'Sinne Welzijn'. Dy nije namme is sneon bekend makke. Der wie gauris betizing oer de namme, omdat der yn Ljouwert ek in oare wolwêzensorganisaasjes is dy 't Welzijn Leeuwarden hjit.
De stichting Hulp en Welzijn Leeuwarden is yn 1994 ûntstien, út 5 organisaasjes foar maatskiplik wurk, opbouwurk en jongerenwurk. Der wurkje 95 minsken.