Kuiertocht foar Alzheimer

De tocht profitearre fan it moaie waar sneon
De kuiertocht foar de sykte fan Alzheimer by ferpleechhûs Stellinghaven yn Appelskea hat sneon in pear tûzen euro opbrocht. Sawat 300 minsken diene mei oan ferskate ôfstannen. Foppe de Haan joech it startsein.
In bal dy't troch him sinjeard wie, brocht 400 euro op. De tocht wie yn it ramt fan de Wrâld Alzheimerdei. Dy wurdt moandei hâlden. De organisaasje wol takom jier wer in kuiertocht hâlde, mar dan mei oare rûtes.