Fryske sylsters: goud en brûns

19 sep 2009 - 19:37

Brechtje van der Werf fan Snits hat mei stjoerfrou Renee Groeneveld en Annemieke Bes it matchracen op de lêste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen yn it Ingelske Weymouth wûn. De trije froulju wûnen yn dizze nije Olympyske dissipline fan it Britske team fan Lucy Macgregor.

Marit Bouwmeester fan Warten waard yn de medaljerace yn de Laser Radial sechsde. Dêrmei helle se it brûns. De Finske Sari Multala wûn it goud, Sarah Steyart (Frankryk) pakte sulver.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)