Westra sterk yn tiidrit Vuelta

19 sep 2009 - 18:08

Lieuwe Westra hat him sneon yn de 20ste etappe, in tiidrit oer 27,8 km, yn de Ronde fan Spanje wer ris goed sjen litten. Westra waard kreas tsiende op 43 sekonden fan de Britske winner David Millar. Twadde waard de Spanjert Samuel Sánchez, tredde Cadel Evans út Australië.

Mei syn tsiende plak wie Westra de bêste Nederlanner. Koos Moerenhout waard op 1.02 sechstjinde en Lars Boom op 1.24 ienentweintichste. Moerenhout en Boom ride takom wike it WK tiidriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)