NK fee keure op It Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Der soene mear jonge Fryske boeren meidwaan moatte oan it NK fee keure fynt it NAJK, it Nederlands Agrarisch Jongeren Kontakt, dat de wedstriid organisearret.
Sneon waard it NK holden yn it sintrum fan It Hearrenfean, sadat in protte minsken efkes sjen koene. Earder diene der wol sa'n hûndert Fryske boeren mei oan de foarrondes, no binne dat der noch mar in pear. En dat is skande, fynt Jaap Jacobi fan de Fryske ôfdieling.