Schuil en Nummerdor winne EK

Schuil en syn maat Nummerdor
Beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor hawwe sneon yn it Russyske Sotsji de Europeeske titel prolongearre. It duo wûn yn de finale fan de Eastenrikers Florian Gosch en Alexander Horst yn twa sets mei 21-17 en 21-16.
It duo is no 24 offisjele wedstriden achterinoar net ferslein. Schuil en Nummerdor ha no opnij in perioade rêst. It folgjende Wrâld Tour evenemint begjint op 26 oktober yn it Sineeske Sanya.