Klabatsfeest yn Jellum

Jellum stiet dit wykein wer hielendal yn it teken fan de klabats. Alve jier lyn begûn it mei in pear pompoenen. No is it útgroeid ta in evenemint dêr't tûzenen minsken op ôfkomme.
Ferspraat troch it hiele doarp kinne besikers terjochte by tal fan kreamkes mei selsmakke en streekprodukten. Mar de measte minsken komme fansels foar de klabatsen. Sa kin der klabatsesop en klabatskeek iten wurde. Mar de klabats kin ek kocht wurde foar dekoraasje.