Man mei geweld berôve

© Omrop Fryslân
Yn de Tsjerkestrjitte op It Hearrenfean is sneontemoarn betiid in 31-jierrige ynwenner fan Oranjewâld mei geweld berôve. It slachtofffer kaam út de kroech en woe nei hûs ta gean.
Hy waard troch trije manlju fêstpakt en yn elkoar slein. De manlju giene der fantroch mei de beurs en de telefoan fan it slachtoffer. De ynwenner fan Oranjewâld hat oanjefte dien.