Himp stellen yn Haulerwyk

19 sep 2009 - 13:43

Twa ynwenners út Haulerwyk binne yn de nacht fan freed op sneon oanholden troch de plysje yn ferbân mei stellerij fan himp by in wente oan de Ikesingel yn har wenplak. In tsjûge seach dat de beide manlju har fertocht gedroegen en belle it alaarmnûmer.

De plysje trof de beide manlju oan mei twa pûden himp. Yn de achtertún fan de wente trof de plysje nochris fjirtich himpplanten oan. Dizze binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)