Man ferstoarn nei ûngelok A7

© Omrop Fryslân
By in iensidich ûngelok op de A7 by Grins is yn de nacht fan freed op sneon in man (22) út Kollumerlân om it libben kaam. Neffens de plysje is it slachtoffer by de ôfslach nei de wyk Corpus den Hoorn fan de dyk rekke en mei de auto lansearre fia de fangrail.
Hjirby is de Fries út de auto slingere en op de dyk telâne kaam. Helptsjinsten troffen de man op inkele tsientallen meters fan syn auto oan. De man is nei it sikehûs brocht, mar is dêr ferstoarn.