Undernimmersfûns yn Snits

19 sep 2009 - 13:03

Snitser ûndernimmers wolle ferheging fan de OZB om mienskiplike aktiviteiten, lykas Sinteklaas, feestferljochting en befeiliging foar de stêd te organisearjen. Om dat te realisearjen wolle de beide ûndernimmersferienings yn Snits in ûndernimmersfûns opsette.

Der is yntusken in startnotysje makke en dy komt meikoarten yn de rie. De aktiviteiten binne bedoeld om de stêd oantrekliker te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)