KEF-kampanje op wenfestival

© Omrop Fryslân
Forinzen dy't yn Ljouwert wurkje, moatte dêr ék komme te wenjen. Allinnich dan kin Ljouwert meikomme mei de grutte stêden yn Nederlân. Dat is it boadskip op it fyfde Wenfestival dat op it stuit yn it sintrum fan de stêd halden wurdt.
Neffens wethâlder Sluijter moatte forinzen oerhelle wurde en dêrom is in grutte kampanje opset om de saneamde KEF - de kommende eks-forins - oer te heljen. Dat wurdt foaral dien troch de makelders en wenningbouferienings.