CDA-gearkomste oer ferkiezings

CDA-gearkomste op De Jouwer
De Fryske CDA'ers meitsje har soargen oer de ynfloed fan de lanlike polityk op de kommende gemeenteriedsferkiezings. Troch de krisis hat it CDA it op it stuit lanlik swier. It optreden fan foarman Jan Peter Balkenende by de politike skôgings fannewike hat it net better makke.
Sneontemoarn kamen de CDA'ers by inoar op De Jouwer foar de start fan it ferkiezingsseizoen 2009-2010. Goed 80 CDA-leden en pommeranten wiene derby.