Marit Bouwmeester nei 2e plak

18 sep 2009 - 18:43

Sylster Marit Bouwmeester begjint sneon op it twadde plak oan de medaljerace by de wrâldbekerwedstriden yn it Ingelske Weymouth. Freed waard de Wartenster fjirde en achtste. Yn de medaljerace dogge de earste tsien fan it Laser radial klassemint mei. Sari Multala fan Finlân stiet earste mei 24 punten, Bouwmesster hat 33 punten.

Pieter-Jan Postma stiet yn de Finn op it fjirde plak. Postma waard freed sânde en achtste. In kâns op in medalje sit der foar Postma noch yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)