Needferoardering Jouwer-Twente

18 sep 2009 - 17:32

By de bekerwedstryd tusken SC De Jouwer en FC Twente kommende woansdei, is in spesjale needferoardering fan krêft. Dat hat boargemaster Kuiper fan Skarsterlân bekendmakke.

De maatregel wurdt nommen om't de supporters fan Twente by it Centraal Informatiepunt Voetbalvandalisme as "tige lestich" te boek stean. Dêrneist soenen se yrritearre wêze troch it feit dat se snein mei in buskomby nei de wedstryd tsjin SC Hearrenfean moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)