Soad animo 'Ite mei Reitse'

© Omrop Fryslân
151 Friezen wolle lekker ite mei Reitse op Omrop Fryslân. Televyzjekok Reitse Spanninga die in oprop om mei de 'gewoane' Friezen te itensieden. 15 septimber wie de lêste dei dat minsken har opjaan koene.
De redaksje is no drok dwaande om de gaadlike kandidaten út 'e ynstjoerings te selektearjen. Fan jannewaris ôf is it nije seizoen fan it populêre programma te sjen.