Pieter Weening net nei WK

18 sep 2009 - 17:00

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema docht net mei oan it wrâldkampioenskip takom wike snein yn Switserlân. Bûnscoach Leo van Vliet hat Sébastian Langeveld as sechsde en lêste taheakke oan de Nederlânske seleksje. Ek Laurens ten Dam en Bram Tankink binne ôffallen.

De prestaasjes fan Langeveld yn ûnder oaren de Eneco Tour en de Sachsen Tour hawwe neffens it hurdfytsbûn de trochslach jûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)