Túnmanswente wer yn funksje

Túnmanswente no multyfunksjoneel gebou
De âlde túnmanswente fan Martenastate yn Koarnjum hat wer in funksje. In multyfunksjoneel gebou dat as wurk-lear-projekt rund wurde sil troch MBO studinten.
Yn de Túnmanswente binne in bêd-en-brochje, in restaurantsje, in streekproduktewinkel en in toeristysk ynformaasjepunt ûnderbrocht. It gehiel wurdt rund troch studinten fan de AOC en Friesland College.