Soargen om Super de Boer

18 sep 2009 - 14:59

De fakbûnen meitsje har soargen oer de mooglike oername fan Super de Boer troch Jumbo. Dy oername soe gefolgen hawwe kinne foar it distribúsjesintrum fan Super de Boer yn Drachten. Dêr wurkje op it stuit 40 minsken, mar it is mar de fraach oft Jumbo dy mei oernimme wol.

Fan Jumbo is bekend dat se de distribúsje graach tichtby it haadkantoar yn Súd-Nederlân hâlde wol, sa seit Gert-Jan Seffinga fan fakbûn CNV.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)