IIshal ferhuzet nei Súdlannen

18 sep 2009 - 11:59

De iishal yn Ljouwert moat ferhúzje nei de Súdlannen. It âlde kompleks by WTC Expo is 30 jier âld en oan ferfanging ta. Wethâlder Marco Florijn fan Ljouwert is entûsjast oer de plannen foar in nije iishal yn de stêd.

De gemeente hat plannen om yn de Súdlannen in nij sportkompleks te realisearjen en dêr soe in iishal goed ynpasse. De ferhuzing kostet 11 miljoen euro en moat yn 2015 klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)