Dûkers om 'e nocht yn aksje

18 sep 2009 - 11:29

Dûkers fan de brânwacht binne tongersdeitenacht om 'e nocht oan it sykjen west nei in drinkeling. Plysjes seagen by de A7 ûnder De Gordyk dat it reid platdrukt wie. Se koene net sjen as der in auto yn it wetter neist de sneldyk telâne kaam wie. Om wis te wêzen, rôpen se de dûkers derby. Dy koene neat fine.

It reid is mooglik by in earder ûngemak op dat plak platdrukt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)