It Gryn selsstannich fierder

18 sep 2009 - 11:25

Sportkompleks It Gryn yn Stiens giet selsstannich fierder. In gefolch dêrfan is dat de bûtenbaden iepen bliuwe. De ried fan Ljouwerteradiel trune dêr tongersdei op oan. Der wurdt in besletten fennoatskip oprjochte, wêryn't de gemeente de ienige oandielhâlder is.

Der moat yn 2010 sa'n 100.000 euro besunige wurde. Dat wol de gemeente berikke mei nije kontrakten mei de fersekering en sportkafee Matchpoint, dat yn it gebou sit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)