Tryater spilet Down South

Hynders dogge ek mei yn de Súdlannen
In teaterfoarstelling yn trije dielen moat nije bewenners fan de nije wyk Zuidlanden by Ljouwert bewust meitsje fan harren hûs. Trije jier achter elkoar spilet Tryater ein septimber op it plak fan de noch te bouwen wyk in foarstelling.
De foarstelling is in idee fan it projektburo De Zuidlanden en de gemeente Ljouwert. De foarstelling hyt Down South. Tryater wurket dêrfoar gear mei oare kulturele ynstellings út Ljouwert, lykas Keunstwurk.