Boetes by snelheidskontrôles

18 sep 2009 - 10:18

Op de Klaarkampsterweg by Rinsumageast is it rydbewiis ynnommen fan in man fan 32 jier út Kollumersweach. Hy ried 116 kilometer dêr't je mar 60 meie. De plysje stie te kontrolearjen mei in lasergun. De man krijt noch in boete.

By de wurksumheden op de Aldlansdyk yn Ljouwert is tongersdei in kontrôle hâlden op snelheid. In plysje stie dêr mei in lasergun. Der waarden njoggen boetes útdield. De fluchste auto ried 74 kilometer. Yn ferbân mei de wurksumheden meie je dêr mar 30.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)