Agressive Harnzer yn sel set

18 sep 2009 - 10:12

De plysje hat tongersdeitenacht in soad wurk hân fan in man yn Harns. De man fytste oer de Waadpromenade en rôp doe in mislediging nei de plysje. De plysje gong der achteroan en trof de man yn in kafee.

De man woe net samar meikomme en sloech ien fan de plysjes yn it gesicht en biet him yn de earm. De man is yn de sel set.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)