Drugsdealer oanholden

© Omrop Fryslân
Op de Emmakade yn Ljouwert is tongersdei in man oanholden dy't yn drugs hannele. De man wie by de plysje bekend en waard troch twa surveillanten yn de gaten hâlden. Doe't se seagen dat er drugs oan twa mannen ferhannele, holden se him oan.
By it fûllearjen kamen boltsjes kokaïne en heroïne foar 't ljocht. De man is heard op it buro. Dêrnei mocht er earst wer nei hûs.