Fryske silers beide tredde

17 sep 2009 - 19:29

By de lêste wrâldbekerwedstriden fan dit seizoen yn Weymouth (Ingelân) hat sylster Marit Bouwmeester fan Warten tongersdei twa oerwinningen behelle yn de Laser Radialklasse. Bouwmeester begûn matich oan de regatta, mar nei fjouwer oerwinningen op rige stiet se no op it tredde plak.

Siler Pieter Jan Postma fan Terkaple waard juster tsiende en fjirde yn de Finn-klasse. Hij stiet ek tredde yn it klassemint. By it matchracen is Brechtje van der Werf in ronde fierder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)