Jonge bolle falt minsken oan

17 sep 2009 - 16:40

Yn Ljouwert is tongersdeitemiddei in bolle deasketten troch in plysjeman. It bist wie nei alle gedachten ûntsnapt út in stik lân oan de râne fan de westkant fan de stêd en nei it sintrum rûn. Underweis foel de bolle minsken oan. Hy naam ek in plysjefyts op de hoarnen en fernielde dy hielendal.

Uteinlik bedarre de bolle yn in foartún oan de Marnixstrjitte. Dêr koe in plysjeman it bist delsjitte. De bolle hat it aventoer net oerlibbe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)