Gemeenten achter bou ôffaloven

17 sep 2009 - 16:31

Undanks alle kommoasje oer de ôffaloven yn Harns, steane de measte Fryske gemeenten noch pal achter de bou. De gemeenten hawwe destiids grien ljocht jûn foar de komst fan de REC, want sy binne de oandielhâlders.

Oer de bou fan de ôffaloven yn Harns is yn 2007 in beslút nommen. 23 fan de 31 Fryske gemeenten stimden foar de bou. Frjentsjerteradiel, Menameradiel en It Bilt wiene tsjin. De rest stemde net of woe útstel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)