Bank fynt miljoenenota 'faach'

De Friesland Bank fynt de miljoenenota faach
De miljoenenota is wat faach. Dat sei ekonoom Verhees fan de Friesland Bank tongersdei op in lunsj-byienkomst dy't de bank organisearre foar in tweintichtal partikuliere en saaklike relaasjes.
It kabinet wol 35 miljard besunigje de kommende jierren. Mar hoe't it kabinet dat krekt dwaan sil is net dúdlik. De Friesland bank kin lykwols wol fernimme dat hieltyd mear bedriuwen it dreech hawwe en earder stipe nedich hawwe yn de foarm fan in liening.