Fleurige berm Boalsert-Snits

17 sep 2009 - 12:29

Minsken dy't takom maitiid oer de A7 fan Boalsert ôf Snits yn ride, wurde konfrontearre mei in soad kleur. De gemeente lit in stik berm by de sneldyk del ynspuitsje mei allegear blomrike krûden dat resultearje moat yn in fleurige berm. Ofrûne jier waard de metoade alris besocht op in stik talud en dat soarge foar in soad positive reaksjes.

Dêrom hat de gemeente besletten it nochris te dwaan. Al mei al giet om sa'n 40 ferskillende soarten blommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)