Skiep hinderje ferkear op A7
De A7 tusken Fryskepeallen en Marum hat tongersdeitemoarn in skoftke ôfsetten west. Dat kaam trochdat der op de dyk in keppel skiep rûn. Hoe't dy op de dyk kaam is noch net dúdlik, nei alle gedachten binne se losbrutsen.
Troch de dyk ôf te setten koe de plysje foarkomme dat der skiep oanriden waarden. De skiep binne yntusken wer fan de dyk ôf.