Sieraden stellen op It Fean
Ut in wenning oan de Burgemeester Falkenaweg op It Hearrenfean binne sieraden stellen.
Dat is dien yn de earste twa wiken fan septimber, doe't de 70-jierrige bewenner net thús wie. De dieder koe it hûs ynkomme troch in rút te fernielen.