Folle mear Friezen sûnder wurk

Neffens it UWV sit 6,5% fan de Friezen sûnder wurk
It tal Friezen sûnder wurk is yn in jier tiid mei 18,5% tanommen. It giet dan om de perioade tusken augustus 2008 en augustus fan dit jier. Ferline jier wiene der yn dy moanne krekt wat mear as 16.000 wurkleazen, no binne dat der trijetûzen mear.
Yn hiel Noard-Nederlân (Fryslân, Grinslân en Drinte) is de stiging krekt wat minder grut. De lêste moanne naam it tal wurkleazen wol wat ôf. Op dit stuit hat neffens de UWV-sifers 6,5% fan de Friezen gjin wurk.