Dokkumer oppakt foar stellerij
De plysje hat in 18-jierrige ynwenner fan Dokkum oppakt fanwege it stellen fan autofelgen. De jonge waard troch in foarbygonger sjoen doe't er de felgen fuorthelle by in bedriuw yn syn wenplak.
De ynskeakele plysje koe de jonge nei in koarte syktocht oppakte. Hy hie doe twa felgen by him. De jonge is fêstset op it plysjeburo.