Bekeurings yn en om Burgum
By in ferkearskontrôle yn en om Burgum binne woansdei fjirtjin bekeurings útskreaun. De oertreders hiene ûnder oare de riem net om, bellen net handsfree en riden in dyk yn wylst dat net mocht.
Fierder waarden der automobilisten betrape op te hurd riden en it feroarsaakjen fan gefaar by wurk oan 'e dyk.