Tsjûgen socht fan mishanneling

© Omrop Fryslân
De automobilist dy't socht waard fanwege it mishanneljen fan in bussjauffeur by de rotonde fan De Jouwer hat him melden by de plysje. It giet om in 44-jierrige Jouster. De man waard der fan fertocht de bussjauffeur tiisdei skopt en slein te hawwen, neidat de twa rúzje krigen hiene oer in ferkearsmanoeuvre fan de automobilist op de rotonde.
By it ferhoar troch de plysje ûntkende de man dat er de bussjauffeur mishannele hat. De plysje siket tsjûgen.