Gjin flaters parkearbelied

17 sep 2009 - 06:44

De rjochtbank hat beswieren tsjin it nije parkearbelied yn Starum terjochte ôfwiisd. Dat fynt de Raad van State. Dy seach nei de behanneling troch de rjochtbank op fersyk fan de beswiermakkers. Dy fine dat der flaters makke binne. Neffens de Raad van State is dat net it gefal.

Yn de histoaryske binnestêd fan Starum mei allinne noch mar foar koarte tiid parkeard wurde. Bewenners dy't har auto der foar langere tiid delsette wolle moatte in fergunning oanfreegje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)