Measte hannelslju yn Wiuwert

Yn Wiuwert is fan alles te keap fia marktplaats
Der wurdt nearne yn Fryslân safolle hannel dien oer ynternet as yn Wiuwert. Dat docht bliken út sifers fan de site Markplaats.nl. De site hat it oantal advertinsjes fergelike mei it oantal ynwenners. Dan komt Wiuwert as koprinner út de bus.
Yn Fryslân binne neffens Marktplaats.nl in opfallend soad boartersguodbearen te keap. Mar ek boaten steane faak yn de advertinsjes fan Marktplaats.