Minne skoare Stiennen Flier

16 sep 2009 - 21:46

Swimbad de Stiennen Flier yn De Jouwer komt striemin út in test fan it ANWB-blêd Kampioen. It swimbad hellet mar in 3. It Jouster bad is dêrmei trije-nei lêst.

De test ferskynt yn it earstfolgjende nûmer fan de Kampioen. By it Jouster bad binne se min te sprekken oer de oanpak: in momintopname wurdt dy neamd. De ANWB fynt dat it tafersjoch yn it swimbad ûnder de maat is. Ek it Drachtster swimbad De Welle komt net fierder as in 6 yn de test.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)