Klijnstrasaak hast oplost

16 sep 2009 - 17:03

It ûndersyk nei de moard op Ida Klijnstra (52) fan De Blesse is neffens de plysje tichtby in oplossing. De plysje is op de syk nei de hantlangers fan Arjan fan der S. Hy wurdt as haadfertochte sjoen en die himsels in pear dagen nei de moard op frou Klijnstra tekoart.

It is goed in jier lyn dat de moard plakfûn. De man (55) fan Ida Klijnstra docht foar it earst syn ferhaal. Hy wie dy middei mei syn dochter op paad. Ida paste thús op har beppesizzer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)