Sakebeurs yn Drachten

16 sep 2009 - 16:31

De sakebeurs regio Drachten is woansdei begûn. It wurdt foar de fyfde kear hâlden. Gerrit Ybema iepene de beurs yn it Frysk Kongressintrum. Op de beurs steane in soad stands mei ûndernimmers. Ek wurden der kolleezjes hâlden.

De organisatoaren fan de beurs Jan Vlap en Alfred Knorr besykje it 'wow gefoel' wer werom te krijen by de Drachtster ûndernimmers. De beurs duorret noch oant en mei tongersdei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)