Mear kursisten troch Edufrysk

Kursisten kinne Frysk leare fia ynternet
De Afûk wol nije kursisten Frysk lûke troch mear gebrûk te meitsjen fan ynternet. De fernije kursus EduFrysk moat dêr foar soargje. Doelgroep is de groep 30-plussers dy't gjin tiid hat foar in gewoane kursus Frysk, mar de taal wol leare wol.
Nij yn de kursus is dat der kontakt lein wurde kin mei oare kursisten. Op blogs kinne kursisten ferhaaltsjes Frysk skriuwe om te oefenjen. De kursus is woansdei yn de trein fan Ljouwert nei Grins presintearre.