Druk by SC Hearrenfean

16 sep 2009 - 15:50

Foar de SC Hearrenfean begjint tongersdei de groepsfaze fan de Europa League. De earste tsjinstanner yn it lang net útferkochte Abe Lenstra stadion is Sporting Clube de Portugal. Foar de seleksje, mar ek foar de nije trainer Jan de Jonge, sit der in protte spanning op.

Troch de mindere resultaten yn de kompetysje, kin it Europeeske poadium foar in omslach soargje. Jan de Jonge leit lykwols net wekker fan spanning en druk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)