Lêste kaarten Boys gau fuort

16 sep 2009 - 15:44

De lêste 500 kaarten foar de bekerwedstriid Harkemase Boys tsjin Feyenoord wiene tiisdei binnen 20 minuten útferkocht. Trije oeren foar it begjin fan de kaartferkeap stiene de earste fans al yn de rige.

In pear hûndert supporters moasten sûnder kaarten nei hûs. De wedstriid wurdt nije wike tongersdei spile.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)